Eltse Grins Foarby - De Kast



It read beskynt de greiden, de jun falt oer de mar

Der stean se mei har beiden en hy sjocht noch ris nei har

Se stean foar harren hutte fan polen, liem en ried

Sy han leit op har skurte, hy wurd mei koarten heit

It jier hast fyftjin hundert, feroare maatskippij

Se lije der net under, se fiele harren fry

Der is faaks wol wat geande, hy moat soms op oarlochspaad

Mar wer 't se eins foar steane, no dat wurdt er nea gewaar

Dochs ha se neat te kleien en al hawwe se gjin jild

It iten dat se krije is de rykdom fan it fjild

It jier hast fyftjin hundert, in nije hearskippij

Se buge der net under, se bliuwe altyd frij



Chorus:

De sinne skynt al ieuwen oer us lan

Bringt de iere moarn, else dei opnij

De wyn hellet noch alle dagen oan

Giet fan lan nei lan, eltse grins foarby



It read beskynt it kampke, de jun falt oer de sted

Der boartet in lyts famke, noch in skoftsje, aanst op bed

Se jeuzelt hunderd ut, de taal dy 't mem har bybrocht hat

Har heit ropt troch it rut dat se nei binnen komme moat

It jier is no hast twa tuzend, Europa dat wurdt nij

It famke sjont en dunset en laket dan nei my



Chorus



Le Meilleur de toute la Musique en Paroles, Chansons et Lyrics sur www.Paroles-Lyrics.fr